Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ierdefearttsjinst

Religy
PDF Print E-mail
Tsjinst op 27 april 2008 op De Jouwer

Image

1. Tarissing

Op dizze maitiidsdei mei in bloeiende ierde
binne wy by elkoar kommen om te fieren
dat wy op dizze ierde libje meie
yn hope, leauwe en leafde.
Dat is ús ierdefeart yn namme fan de Hear
dy’t ierde en himel skepen hat,
dy’t trou is oan syn skepping
en dy’t stiet foar it wurk
dat Hy op Him nommen hat.
Amen

2. Sjonge
Psalm 42: 1 en 4

3. Ynlieding op ‘e tsjinst

Beek nei beek brûst nei it dal,
wetterfal ropt wetterfal:
al jo weagen wytbeskomme
lit Jo kolkjend oer my komme.

Yn dizze tsjinst giet it oer smachtsjende toarst.
Wat is it dan in seine dat Gods weagen oer ús komme.
Dat sille wy mei de Joaden yn Babylonië belibje.

Hert, hoeno sa yn ‘e pine,
sa ûnwennich, sa ûntdien?
Wol yn God dyn hoop wer fine,
ienris is it leed trochstien.

Yn dizze tsjinst giet it ek oer it skoft dat wy útsjogge nei in nije tiid.
It is it skoft fan ús libben op ierde, soms mei freugde, soms mei fertriet.
Dat sille wy mei Jehannes yn Efeze belibje, in stêd yn Lyts-Azië.

Riis oerein, der komt in tiid
dat ik yn syn timpel bliid
tankber sjonge mei ta eare
fan myn Helper en myn Heare.

Tongersdei is it Himelfeartsdei.
Dan betinke wy dat Jezus opfearn is fan de ierde nei de himel.
‘Noch in koart skoft,’ hat Hy sein, ‘dan sille jimme my wer sjen.’
Yn dy tiid, ús libbenlang oant no ta, binne wy op ierdefeart.

Image

4. Sjonge
Psalm 42: 7

5. Gebed

Hear, tankewol foar ús libben,
dat soms oerstreamt fan blidens
om alles wat Jo ús jouwe.

Mar soms ha wy ek in smachtsjende toarst
as in ree dy’t besiket oan de jacht te ûntkommen.
De jacht fan sykte, fertriet, rou en iensumens.
Want wa ûntkomt oan dy rôfdieren?

Lit dan beek nei beek brûzje, Hear,
de iene wetterfal nei de oare,
dat jo weagen fan heil oer ús hinne komme.

Dochs kin de pine fan gemis sa flymjend wêze
dat wy der ûntdien fan binne, dea-ûnwennich.

Jou dan in teken, Hear, dat wy oereinkomme,
miskien hjoed yn dizze tsjinst wol
om tankber te sjongen ta eare
fan ús Helper en Heare.
Amen

6. Lêze
Jesaja 41, 17-20

7. Sjonge
Liet ‘Sûnder toarst’: 1 en 2
Wize: Liet 489

It plak fan ’t hôf fan Eden
wie lykas yn twastreamelân
in ripe frucht yn elke hân,
de fuotstap fan de frede
nei boarnen foar de toarst.

De macht fan ’t grutte Babel
hat minsken oan it streamen brocht
as balling nei ferlern gefjocht,
as Kaïn tsjin broer Abel,
in libbenslange toarst.

Image

8. Ferkundiging 1

Ballingskip yn Babylon

Wa hat op dit stuit toarst? … Earlik sein hie ‘k ek net ferwachte dat de Menniste gemeente fan De Jouwer fan ‘e moarn smachte fan de toarst. Nei alle gedachten ha jim by it moarnsbrochje ien of mear bakjes tee of kofje dronken. Mar wetter leit ús op ‘e betide sneintemoarn dochs wat kâld op ‘e mage.
Sa’t jim witte, is der wol wat te rêden mei wetter. Se sizze dat der troch de klimaatferoaring hieltyd mear woestyngebiet komt. Yn dy droege oarde moat de reizger sunich oan mei wetter en hy is út ‘e skroeven sa bliid dat er oan de kym in oase gewaar wurdt. Wat hat it folk Israel, op ‘en paad troch de woestyn nei it beloofde lân, smachte fan de toarst!
Se sizze ek dat troch de klimaatferoaring it peil fan de see heger en heger komt. Wetter genôch, soest dan sizze, mar dat is breinsâlt, dus gjin oplossing foar ús probleem fan smachtsjende toarst.
Mear woestinen en in heger seepeil, wêr rint dat op út? Hoe komt it mei ús en ús ierde? Rekket de feart op ierde derút? Wy moatte noch wol efkes fierder mei de ierdefeart, al wie it mar foar ús bern en bernsbern.

Om in antwurd op dy fragen te finen, nim ik jim fan ‘e moarn mei nei Babylonië yn it jier 539 foar Kristus. Jim witte wol, it plak dêr’t de popsong ‘By the rivers of Babylon’ oer giet. It plak ek dêr’t hjoed de dei de Amerikanen noch altyd de Irakezen mei wapens leare wat demokrasy is.
Us twadde reis giet nei Efeze yn it jier 90 nei Kristus, in stêd yn it hjoeddeiske Turkije. It lân dêr’t de Koerden fjochtsje foar in eigen steat.

Us earste reis nei Babylonië yn it jier 539 foar Kristus. Al sawat in heale ieu libje de joadske ballingen by de streamen fan Babylon, de Eufraat en de Tigris. Wat hawwe se ûnwennich west, doe’t se mear as tûzen kilometer by Kanaän, it lân fan belofte, weirekken. Se ha net songen fan ‘By the rivers of Babylon’, mar se hongen wol de lier oan de wylgen. Dochs wie it libben yn it lân fan de ballingskip net iens sa min. Under kening Nebukadnezar koene se in nij bestean opbouwe. In protte Joaden klommen sels op nei belangrike banen, tink mar oan Daniël. Der wie sels ek in groep dy’t it libben yn Babel net leafst ruilje woe foar in oar bestean. Se pasten har oan en fergeaten har komôf. Mar dochs… de measten smachten fan de toarst, net nei wetter út ‘e put, mar nei it lân fan belofte, it lân fan de foarfaars Abraham, Izaäk, Jakob, Joazef, Mozes en gean sa mar troch.
En doe, yn 539,  like der in oare tiid te kommen. It Perzyske ryk waard sterker en sterker. Jawis, dat wie itselde lân as it hjoeddeiske Iran ûnder de ayatolla’s. Mar doe wie it kening Cyrus dy’t mei de septer en it swurd swaaide. Hy joech befel om Babylon te feroverjen.
En sjoch, doe wie der ûnder de Joaden in profeet, dy’t se Jesaja neamden. Him kaam in nije tiid foar eagen: ‘De earme lijers mei in tonge sa droech as lear, dy’t om wetter sykje, sille ris wat belibje! De God fan Israel lit rivieren oer keale hichten brûzje en makket de woestyn ta in wetterflakte.’ Dat is oars wat as it omheechkommen fan de seespegel. De God fan Israel sil soargje foar in nije skepping mei allerhande fruchtbere beammen en planten. It oplibjen fan it paradys op it plak fan de Eufraat en de Tigris? Dêr moat it earste paradys ek west ha, sizze se. Dan hoegden de joadske ballingen net te ferhúzjen, se koene sa de lier wer út ‘e wylgen pakke en in nij paradysliet sjonge: ‘Paradise regained by de rivers of Babylon’.
‘Nee,’ sei Jesaja, ‘kening Cyrus sil de Joaden tastimming jaan om wer nei it lân fan de foarfaars te gean, dat wurdt de nije skepping.’

En wy? Ballingen oan de Kolk en de Sylroede? No nee, sa fiele wy ús net. Mar soms smachtsje wy wol fan de toarst: nei in wrâld dêr’t de machtigen einlings rjocht dogge oan Gods skepping. Dat sy en wy gjin woestinen ûntstean litte en derfoar soargje dat de seespegel stabyl rekket. Dat de feart yn de ierde bliuwt en wy mei elkoar op in trochgeande ierdefeart kinne.
As Jesaja profetearret dat God achter syn skepping stiet, hoe soene wy dan achterbliuwe?

Image

9. Sjonge
Liet ‘Sûnder toarst’: 3, 4 en 5

It lot fan finzen Joaden
wie treurje by de âlde stream,
de liere yn de wylgebeam,
gjin fuotstap fan Gods boade,
wol smachtsje fan de toarst.

Nei libbenslange jierren
stie op Jesaja, de profeet,
syn streamend wurd foar ’t folk yn need
hat boarnen iepenbierre
foar ’t dwêsten fan de toarst.

Jim earmen kinne drinke,
hear ’t brûzjen fan de nije stream,
de liere út ‘e wylgebeam,
lit alle snaren klinke,
gean sûnder toarst op wei.

Image

10. Lêze
Jehannes 16, 16-24

11. Sjonge
Liet fan Jehannes: 1, 2 en 3
Wize: Liet 231

Jehannes, learling fan de Hear,
dy’t folge wêr ek hinne,
hy liet de wurden fan syn lear
besakje om te winnen
ferdjipping yn syn eigen geast
dat dêr de wiisheid ripe
foar ’t skreaune wurd it alderearst
en twads de oar ta stipe.

Jehannes, learaar fan it folk
ferkearend oer de grinzen,
foar ’t Wurd syn masters trouwe tolk,
út djipte fan de tinzen:
”t Begjin fan alles wie it Wurd,
yn Him wie hiel it wêzen,
it kaam út it begjin wei fuort,
op ierde ôf te lêzen.’

Jehannes yn de ierdske striid,
ferfolgings troch Romeinen,
skreau: ‘Oer noch mar in koarte tiid
sil elk it heil hjir heine;
gjin fraach, mar wol in klear ferhaal
en bidde yn syn namme,
sa brûkt Gods folk in nije taal
en wurdt it net beskamme.’

Image

12. Ferkundiging 2

Ferfolging yn Efeze

Is de Menniste gemeente fan De Jouwer as libben wetter? In boarne dy’t oerrint fan hope, leauwe en leafde? Yn alle gefallen is der yn de rûnte fan dit feilige plak gjin reden om bang te wêzen dat dizze boarne gefaar rint om tichtsmiten te wurden. Mei oare wurden: jim wurde as kristenen net ferfolge. Of it moast wêze dat wy achterfolge wurde troch eangst foar de takomst.

Wy meitsje ús twadde reis, nei Efeze yn it hjoeddeiske Turkije.
Dêr hie de apostel Jehannes, ien fan de learlingen fan Jezus, sân gemeentes stichte. Ien dêrfan wie Efeze, dêr’t er sels wenne. Jehannes, dy’t njoggentich jier wie, de leeftyd fan de tige sterken, seach hoe’t de Romeinske machthawwers geregeld kristenen út ‘e gemeentes oppakten, martelen en soms ek deaden.
Jehannes hie alle oare dissipelen oerlibbe, mar de kâns wie grut dat hysels ek marteler wurde soe. Hy woe oan de ein fan syn libben alles opskriuwe wat er mei Jezus belibbe hie en hoe’t er dat yn de sawat sechtich jier nei de krúsdea en opstanning ferwurke hie. Hy hie der in protte oer neitocht, wie ta geastlike riping kommen en hie ynsicht krigen yn it plan fan God mei syn skepping. Dat woed er opskriuwe. En doe pakte er it skriuwark en sette de earste wurden op perkamint: ‘Yn it begjin wie it Wurd der; it Wurd wie by God, ja it Wurd wie God.’ Sa beskreau Jehannes syn master Jezus.
En yn haadstik 16, dêr’t wy in part fan lêzen ha, lit Jehannes Jezus sels oan it wurd: ‘Noch in koart skoft, dan sille jim My net mear sjen en wer in koart skoft, dan sille jim My al sjen.’
Jehannes tinkt efkes nei. Dan begjint er wer te skriuwen en noch trije kear skriuwt er itselde op: in koart skoft. It sit him heech. It earste koarte skoft is útkommen, want tusken de útspraak fan Jezus en de himelfeart lei noch gjin jier. Mar sûnt de himelfeart binne sawat al sechtich jier foarbygien. Wachtsjen duorret lang. Hoe lang sil it noch duorje, foar’t se Jezus wer sjen sille? Foaral yn dizze tiid fan de kristenferfolgings soe it prachtich wêze dat Jezus weromkaam: ‘Trouwe tsjinners fan my, jim ha jim hoop, leauwe en leafde beholden, tenei sille jim foar ivich myn bern wêze.’

Bern… Ynienen kriget Jehannes in prachtich byld foar eagen. Wat kinne njoggen moannen lang duorje foar’t it bern op ‘e wrâld komt. Gjin koart skoft foar de mem. En as it safier is, dan komme foar de frou de bertefleagen, flymjend as in swurd. Wolno, yn dy tiid libje de kristenen no, ûnder it flymjende swurd fan de Romeinen. Mar nei’t it bern op ‘e wrâld kommen is, brekt de freugde om it nije libben los. Sa moat it wêze as se Jezus sjen sille.
Jehannnes begjint wer te skriuwen… oer de frou dy’t in bern kriget.

En dan brekt it ynsicht folslein by Jehannes troch. Wat yn syn lange libben ripe is, falt him no as in hearlike frucht yn de hân. It is de frucht fan de freugde, dy’t hearlik smakket, want ynienen priuwt Jehannes wat Jezus krekt bedoelde:
Der sil in tiid komme dat der gjin fragen mear binne, ek net hoe lang oft it noch duorje sil. Want dan sil alles dúdlik wêze: Jezus as Wurd by God, de wei nei Gods Keninkryk, de nije skepping foar ballingen, foar dy’t ferfolge wurde, foar ús allegearre.
En salang oft dy tiid noch net kommen is, sil der in ferbining wêze tusken minsken en God troch te bidden yn Jezus’ namme. Dan sil God it de minsken jaan om Jezus’ wil, amen.
Sa sil it wêze. En Jehannes skriuwt wer oer bidde en de tiid dat alles sa helder as wetter wêze sil. Want oer de keale hichten sille rivieren brûzje en de woestyn sil in wetterflakte wêze.

Wêr sil de Menniste gemeente fan De Jouwer dan noch soarch oer ha? Sille wy dan net mear achterfolge wurde troch eangst foar de takomst? Troch de klimaatferoaring op ierde: it ûntstean fan nije woestinen en it omheechkommen fan de seespegel. Of de klimaatferoaring yn ús eigen libben: soargen om bern en bernsbern, sykte, iensumens, sicht op ‘e dea.
Troch de klimaatferoaring dy’t Jezus op ierde brocht hat en noch bringe sil, sille hoop, leauwe en leafde it lêste wurd ha. Dan sil de ierde de feart deryn krije, ierdefeart en himelfeart tagelyk, op ien dei. Noch in koart skoft…
Amen

Image

13. Oargelspul

14. Sjonge
Liet fan de leafde: 1, 2, 3, 4, 5 en 6
Wize: Liet 446

Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.

Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.

Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.

De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.

De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwen ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.

De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwen hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.

Image

15. Us Heit

Us Heit yn ‘e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde
op ierde likegoed as yn de himel.
Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden,
sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe;
en lit ús net yn fersiking komme,
mar ferlos ús fan ‘e kweade.
Want fan jo is it keninkryk
en de krêft
en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen

16. Liet
Ut fjoer en izer, soer en sâlt: 1, 2 en 3

Ut fjoer en izer, soer en sâlt,
sa fier as ljocht, sa ieuwenâld,
út alles komt in mins te wrâld
en wurdt wer hieltyd berne.
As izer yn flam en fjoer,
as sâlt en bitterswiet en soer,
as minske foar minske oer
sa wurde minsken berne.

As wetter dat in boarne wurdt,
de oar ta stille wink of wurd,
as nimmen wit hoe lyts en grut
sa wurde minsken berne,
as jûntiid en moarntiidsrea,
as hjir en dêr, as hjoed en ea,
as lea nêst in oare lea,
as hantaast nei ’t ferlerne.

As ljocht sa fier en âld en wiis,
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis,
troch toarnen en troch hagen
gean minsken, fan tiid net wis,
troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen.

17. Seine

Lit ús no fierder reizgje op ús ierdefeart
út ierdeswart en himelgriis,
út wetter, toarst en fjoer en iis
gean wy troch libben fjoer dat binend is,
by leed, wille en gemis
mei minsken troch de dagen:
mei de seine fan God de Heit,
mei de leafde fan Jezus Kristus
en mei it fjoer fan de Hillige Geast.

18. Sjonge
Liet 456: 3

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum