Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Skepsel yn de lichte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johan Christian Dahl*

Wat is de minske yn de lichte…
skepsel mei twa skonken ûnder ’t gat,
twa earmen om syn slach te slaan,
de kar fan mei of sûnder God,
mar altyd opsjen nei de hichte.

Image

Syn tinken is as in lawine,
flitsend by de keale kronkels del;
hy sjocht omheech om acht te slaan
op himelfier, leafst sûnder hel,
en fielt syn eigen hichte kwinen.

Der is gjin tinken oan yn ’t bearen
fan de eleminten op ‘e kust;
wa’t libbet, lit him net ferslaan,
syn lea bewege ûnbewust
om ramp en lichte te fernearen.

Image

* Johan Christian Dahl (1788-1857)
Skilderij ‘Lânskip yn de Alpen’
Skilderij ‘Skipbrek oan de Noarske kust’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum