Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Op strie

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Wy tochten dat in stâl foar bisten wie,
heechút foar hoeders by de skiep
om harren efkes del te jaan,
mar dat it strie ek nut noch hie
foar bern, woe ús net oan.

Image

Jawis, wy witte fan Marijes soan
hoe’t dy kriich op it strie de sliep,
dy Joazef moast it sa wol dwaan;
’t sprekt ús mei kryst wol oan,
foaral is ’t geef foar bern.

Wy tochten ’t wol, mar hjoed sjocht hy ús oan,
dy eachopslach, ’t is klear te sjen,
foar him mei sizzen net te dwaan;
wy tochten oan Marijes soan:
‘Sa’n bern giet net ferlern.’

Image
Foto folder Liliane Fonds

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De oanbidding troch de hoeders’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum