| fan Józef Chelmónski*
   
  
Kâld as roet wie ’t yn de moarn 
doe’t yn it doarp de waarmte kaam 
fan him dy’t wat te sizzen hie; 
hjoed wied er hiel gewoan 
foar ’t sljochte folk en de jongfaam 
dy’t wat op ôfstân stie.
Boargemaster fan de stêd, 
mar ek wol fan it lytste plak, 
sa stie de pommerant bekend, 
hy kaam it folk oer ’t mêd, 
siet samar lyk mei ’t wite dak, 
dat wiene sy dêr wend. 
Harkjend bûgde hy foaroer 
en wie begien mei ’t kâld ferhaal 
dat alleman te sizzen hie: 
it libben wie in toer; 
doe klonk foar elk yn kleare taal: 
hy hold it yn berie. 
Mar de faam, alhiel yn ’t read, 
fernaam gjin waarmte, dat sy hie 
foar elk te sizzen mear as neat: 
’t moast komme ta de die. 
* Józef Chelmónski (1849-1914) 
wie in Poalske skilder 
dy’t yn in realistyske styl 
patriottisme útbylde. 
Skilderij ‘Moeting mei de boargemaster’ 
  |