fan Sofonisba Anguissola*
fan Karel Appel**
Komt it libben út de Hear syn hân,
dan makket Hy in grut ferskil,
de iene kreas, fan hege stân,
de oare kleurich, wyld fan wil.
Sofonisba wiist op wiishheid, net
allinnich ûnder oaren, mar
ek boppeminsklik, nei de wet
fan tsien, ornearre krekt foar har.
Wyt de brede kraach fan suverheid,
it swarte kleed stiet foar de earnst,
mei beide is se himelsk klaaid,
de Hear syn krús draacht se út wenst.
Diabolus lit syn tosken sjen
en libbet nei de wet fan tel
oant seis, dan bist foargoed ferlern,
ik sljochtsje ’t paad wol nei de hel.
* Sofonisba Anguissola (1532-1625)
wie skilderes oan it keninklike hôf
yn Spanje.
Skilderij ‘Selsportret’
** Karel Appel (1921-…)
hearde ta de Cobrabeweging,
dy’t oprjochte waard yn 1948.
Skilderij ‘Fantoom mei masker’
|