Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wêrom yn maart net?

Keunst
PDF Print E-mail
fan Andreas Schelfhout*
fan Nicolaas Baur**

Image

Jawis, it hâldt, se ha ’t besocht,
in foet derop, dan fierder rinne
nei de oare kant
en rap de redens ûnder,
in lange streek, sjêder streekrjocht…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

’t Giet oan, hjoed by de Aldehou,
beret, sa’t Fryske froulju binne,
yn de ûnderbroek;
in riderij foar wûnder,
in koarte streek, in fûle klau…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

Image

De Aldehou fertelt ek mear:
de striid om ienris noch te winnen
by de stêden lâns,
dêr kin in Fries net sûnder;
sa streekje riders foar de ear…
wêrom soe ’t yn maart net kinne?

* Andreas Schelfhout (1787-1870)
Skilderij ‘Winterlânskip’

** Nicolaas Baur (1767-1820)
Skilderij ‘Frouljusriderij yn  Ljouwert’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum