Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferskil yn swalkjen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jozef Israëls*
fan Gerard Bilders**

Image

’t Swart-wite hat har yn besnijing,
faakris swalket sy fan hjir nei dêr,
is soms de sinne, dan wer stjer,
sa siket sy om har befrijing.

De jûntiid skynt foar har it gânse
libben, sakjend yn de djipte wei,
gjin langstme nei in nije dei
of dochs fanwege ljochte kânsen.

Want by har delgean lit se klimme
har gefoelens foar de heechste stjer,
de ein fan ’t swalkjend hin en wer,
tenei sil sy it derfan nimme.

Sy naam it stel mei út ‘e sinne
wei en brocht de geiten yn it skaad,
it swalkjen leit har yn it aard,
se is yn ’t fjild gjin tel allinne.

Image

* Jozef Israëls (1824-1911)
rekke ûnder ynfloed fan de Dútske Romantyk
en wie letter de nestor fan de Haachske Skoalle.
Skilderij ‘Mimerje’

* Gerard Bilders (1838-1865)
lit yn syn wurk de oergong sjen
fan de Romantyk nei it Realisme.
Skilderij ‘De geitehoedster’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum