Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Swarte merke

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jules De Bruycker*

Image

It kriichsfjoer lôget op
en taast it Godshûs oan,
it gea slacht oer de kop,
de dea klimt op ‘e troan.

Dêr sit it bonkerak
yn kamûflaazjeklean,
de dikke kont op ’t dak,
te wachtsjen op syn lean.

Hy spilet op ‘e sek,
blaast út en yn en ôf,
syn biedwurd is ferrek
foar bern en man en frou.

Sy krûpe troch it gea,
want elkenien is mank
troch ’t kriichsfjoer op ‘e lea,
betize troch de stank.

Gjinien wit noch de ein,
behalve dan de dea,
’t giet op nei ’t merkeplein,
dat swarter is as ea.

* Jules De Bruycker (1870-1945)
wie in Belgyske keunstner
dy’t de ferskrikkings fan de
Earste Wrâldoarloch yn printen
fêstlein hat.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum