Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Omkearde wrâld

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jozef Israëls*

Image

It sjit him hjoed wer troch de holle:
omkeard is de wrâld,
want hy as fisker is no by de bern
as heit en mem, sy waard net âld,
it libben is net mear om oan te sjen.

De jonge woe hjoed nei syn mem ta
ûnder ’t houten krús,
dus moasten heit en ’t lytse suske mei,
hy seach de see, syn twadde thús
en hearde tagelyk wat sy him sei:

‘It skeat my faakris troch de holle:
do foargoed op see
en ik as mem moast soargje foar de bern;
betink in fiskersfrou is ree
om beide, dea en libben, oan te sjen.’

* Jozef Israëls (1824-1911)
wie ien fan de earste skilders
fan de Haachske Skoalle.
Skilderij ‘By mem har grêf lâns’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum