fan Gustave Courbet*
Syn ferbylding hie har noege,
al syn kunde yn it atelier
yn klean sa’t him wol like,
hy seach it oan, sy wiene ree
om foar syn keunst te bûgen.
Gjin model kaam op it linnen,
want hy streke mei in breed gebeart
in lânskip dat him like
yn dit fermidden net ferkeard:
’t foldie oan al syn sinnen.
Mar it bleatmodel liet witte
mei de boarsten tikjend op syn hier
dat dit alhiel net like,
sy stie hjir net as peal foar sier,
dan koe se better sitte.
Syn ferbylding rôp in jonkje
fan komôf in stoere boeresoan,
syn fraach wie oft it like;
hy knikte, snúfde, seach har oan
en sei: ‘Fansels, it stjonkt hjir.’
* Gustave Courbet (1819-1877)
wie as Frânske keunstner
de liedsman fan it realisme
yn de skilderkeunst.
|