Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Moarmer en terrakotta

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lysippus*
fan ûnbekend**
Image
Sa hurd as moarmer wie syn styl
en glânzjend troch de ieuwen hinne,
tank oan Alexander, grut fan aard,
syn striid hat ta in wrâldryk laat,
de kontekst foar Europa’s siel,
dy’t oars net koe as winne.Ekspânsje waard it hege wurd,
de wrâld oer mei oerdei de sinne
fan it easten nei it westen ta,
Europa moast de oerhân ha,
fan noard nei súd, fan lyts nei grut,
de stjerren soene winne.

It suden song op oare toan
by moanneljocht, sa’t swarten kinne,
read as terrakotta wie har styl,
elk naam oan ’t ritedûnsjen diel,
it stamhaad droech in minskekroan,
sa kin de tiid ek rinne.

Image

* Byld fan moarmer ‘Alexander de Grutte’
** Byld fan terrakotta ‘Kroane holle’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum