fan ûnbekend*
It hat fan âlde tiden ôf sa west:
wêr’t hege macht de oerhân krijt,
befêstige troch ’t goadedom,
dêr is ’t de leagen dy’t wat seit,
it folk dat swijt en hâldt him stom
en ’t wapen docht de rest.
Ur-Nammu sit al op ‘e keningstroan
mei yn de hân de macht oer Oer,
in stêd op ’t âlde klaaitablet,
de siggoerat as Babelsk toer,
it keningswurd as heechste wet
en ’t folk dat heart it oan.
Ur-Nammu sprekt de goadewierheid út
en ’t folk giet op ‘e wapentoer
mei ’t ivich swijen ta beslút.
* Ynvestituer fan de Soemeryske kening Ur-Nammu
Standert fan Oer – oarlochspaniel
|