Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Utsicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Ford Madox Brown*

Image

Hy hie genôch fan ’t kâlde Ingelân
en woe nei ’t waarme suden ta,
it Eldorado yn syn fantasije,
mei syn frou en bern koe ’t sa:
de boat op nei it fiere strân.

De earste stappen wiene net sa grut,
’t foarútsicht lake him noch ta
en ’t oseaanskip hiet de ‘Eldorado’,
mei syn frou en bern koe ’t sa:
har hân fêst en in freonlik wurd.

Mar ienkear op it kâlde achterdek
foel ’t minne waar him dochs net ta,
de krytkust like wol in Eldorado,
mei syn frou en bern koe ’t sa:
net sjen, it útsicht op it stek.

* Ford Madox Brown (1821-1893)
skildere syn masterwurk yn 1855,
doe’t de emigraasje út Ingelân
in hichtepunt berikte:
‘It lêste útsicht op Ingelân’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum