Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hannelje

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rosa Bonheur*
fan Edwin Landseer**

Image

De hoeven dreune op ‘e hurde grûn,
want drave sil de hynstekloft
de hiele baan yn ’t rûn,
sa út en troch de poaten yn de loft.

De stive leie hat har yn de macht,
want dêr is gjin ûntkommen oan,
in hoart foar jou no acht,
de eigner sit as foarst heech op ‘e troan.

Hjoed is it hynder inkeld hannelswaar
en showt syn krêften foar it jild,
wurdt letter pas gewaar
dat hy de lêsten fan dy oare tilt.

Mar hy is eigen baas, it stiet him frij
te draven of hjir stil te stean
as foarst fan de fallei,
de hichte hat him hûndert troanen bean.

Image

* Rosa Bonheur (1822-1899)
makke it skilderij ‘De hynstemerk’
(245 x507 sm.)
nei oardeljier stúdzje.

** Edwin Landseer (1802-1873)
wie yn syn tiid de bêste diereskilder.
Skilderij ‘Foarst fan de fallei’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum