Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It gefoel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

It kaam op syn gefoel
wat oaren fan him seine:
sa ûnnoazel as in stien
of yn de kop in tizeboel,
dus moasten se him heine.

Hy hie in stive kop
en altyd pineholle
troch de swierte fan de stien,
hy koe net tsjin it narjen op,
elk wurd wie him tefolle.

Image

It wurd fan de barbier,
dat koed er wol fertrouwe,
want dy snie de stomme stien
derút, troch spier en hûd en hier,
it wie in hiele grouwe.

Mar doe’t er bûten kaam,
seach hy in spotter gnizen
om dyselde goare stien,
syn kop betocht in fûle raam,
mar ’t spul siet noch yn tizen.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘It gefoel’
Skilderij ‘In laitsjende man’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum