Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boekewjirm

Keunst
PDF Print E-mail
fan Carl Spitzweg*

Image

Hy is nei ’t heechste klommen
yn syn wittenskiplik ûndersyk,
waard hearsker yn syn keninkryk,
syn wrâldbyld hoecht net rommer.

Syn wrâld stiet tusken kasten,
lit er draaie as er pypskoft nimt,
gjin noed as er in berch beklimt,
dêr noeget er syn gasten.

Mar hjir stiet hy allinne
op ‘e treppen foar syn ûndersyk
en siket om syn grut gelyk,
eureka, sjoch, de sinne!

* Carl Spitzweg (1808-1885),
earelid fan de keunstakademy yn München,
skildere earst yn biedermeierstyl,
letter waard er beynfloede troch
it ympresjonisme.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum