Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei hout nei goud

Keunst
PDF Print E-mail
fan Nikolai Roerich*

Image

Se bouden mei materiaal
dêr’t net it minste mis mei wie,
har eigen hout, mar út it wurkberie
kaam ek ’t ferfolch fan it ferhaal.

Elk kriich syn timmerark en taak
en sûnder mis waard heger boud
as dat de weagen rikten, ’t wie fertroud,
want foarop flamme harren draak.

Image

Se sylden út ‘e haven wei
en misten mei ’t foarútsicht op
’t ferfolch gjin frou of bern of grize kop,
der ljochte op in nije dei.

It hout brocht harren nei de kust
dy’t paste by ’t ferfolchferhaal
mei hjir in gjalp en dêr in flok, de taal
fan ’t mist ús net, it is in lust.

Se setten doe de oanfal yn
mei izer foar it suverst goud,
se woene ha, it paste by it hout,
de mist loek op, ’t gie foar de wyn.

Image

* Nikolai Roerich (1874-1947)
fûn syn ynspiraasje yn de skiednis
en yn mearkes.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum