Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbensfazen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Caspar David Friedrich*

Image

Uneinich is de ivichheid,
de see rint oer de kym,
gjin skip dy’t dêr de steven draait,
it wurdt úteinliks ta in skym.

Sy boartsje tusken lân en see
en stappe yn de boat
mei spriet, foar earste twirkes ree,
mar mem ropt: ‘Fiere no dy skoat!’

It jeugdich each sjocht yn it grut,
it túch oan hege mêst,
it skip sylt oan de wyn, fart hurd
en heit ropt: ‘Oan dy skoat, ’t giet bêst!’

It skip, al healwei nei de ein,
kin noch wol stoarmen oan,
mar út it seil mist al in blein
en twa kear wie it miel bedoarn.

Wat kalmer wurdt it fierderop
mei ’t skip noch as in skym
en stadich sakket wei de top,
dan is allinnich noch de kym.

* Caspar David Friedrich (1774-1840)
wie de liedsman fan de Dútske Romantyk.
Hy skildere ‘De libbensfazen’ seis jier
foar syn dea.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum