Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oan it miel

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antoon Claeissens*
fan Dirk Bouts**

Image

De pommeranten fan stêd Brugge
ha har foar in mieltsje eastersk klaaid,
men kin net altyd yn it swart
en moat ek wolris wat
mei read dat wat fan flammen seit
en kannen wyn, de muoite wurdich.

De froulju sitte yn in keamer
fierderop en op ‘e achtergrûn,
men kin net altyd mei it wiif
yn ’t span, ’t hat neat om ’t liif
dat praat oant yn de lette jûn,
dat hjir petear en dêr geëamel.

De tolve fan de earste oere
sitte mei har Hear oan ’t Pesachmiel,
ûnwittend fan de neare nacht,
slaan sy op ’t brekken acht,
elk kriget syn takomstich diel,
dy muoiten binne net te stjoeren.

Image

* Antoon Claeissens (1538-1613)
wie stedsskilder fan Brugge.
Skilderij ‘Feestmiel’

** Dirk Bouts (sirka 1410-1475)
waard berne yn Haarlem
en waard letter boarger fan Leuven.
Skilderij ‘It Nachtmiel’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum