fan ûnbekend*
fan Diego Velázquez**
Wa’t lyts is, krijt syn plak:
op hichte fan syn eigen wearde
komt in dwerch oan syn gerak,
gjin kar is de ferkearde.
Dwerch Seneb hie har fûn
op hichte fan syn hert en longen,
slach en siken yn ’t ferbûn,
sa’t ek de âlden songen.
Dêrûnder paste ek:
te sjen oan ’t rispjen fan har skurte
is in twilling net sa gek,
it leit net oan de grutte.
Dêr sit Sebastian
op hichte fan de pommeranten,
hat har yn de berneban,
mar wit sels wol fan wanten.
Allinnich yn syn dwaan
moat hy it hiele hôf fermeitsje,
’t libben fan de dwerch is jaan,
mar sels kin hy net laitsje.
* Beskildere kalkstiennen byld
‘De dwerch Seneb mei syn húshâlding’
** Diego Velázquez (1599-1660)
wie in Spaanske skilder.
Skilderij ‘Portret fan de hôfdwerch
Don Sebastian de Morra’
|