Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De túnman en de dea

Keunst
PDF Print E-mail
fan Leo Copers*

Image

Syn lange libben hied er blomke,
want de bôge wie syn favoryt
fan read nei fiolet;
syn hier waard ljochter, suver wyt,
dy plant kaam yn it âlde jiskefet.

Hy snie it gers noch mei de seine,
seach dêryn gjin eigen libbensgong
fan grien nei ’t feale brún
en wie it gers derôf, dan hong
er ’t ark wer op en skôge koart syn tún.

In hear yn ’t swart kaam op besite,
skôge syn wyt hier en woe doe ha,
hy moast yn ’t jiskefet,
want ien gehiel, dêr soe ’t op ta,
sa wie in mins op ’t lêst yn ’t libben set.

Swart-wyt wie net wat hy doe winske:
‘Hear, dat ik myn blommebôge seach
fan read nei fiolet…’
De seine foel en foar syn each
kaam ’t klear foar ’t ljocht, mar ’t wie de bôge net.

* Leo Copers (1947-…)
woe yn de jierren sechtich fan de foarige ieu
mei syn keunst nei bûten ta. Hy brûkte
ferskillende materialen om dêr stal oan te jaan.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum