Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei ferrin fan tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emanuel de Witte*
fan Louis Daguerre**

It kin ferkeare alle kanten op,
want stilstân is gjin opsje,
hegerop of by de hichte del,
de sielen fleane nei de top
of saaie wjukleas nei de hel,
se binne beide foar adopsje.

Image

De sinne strykt it wyt de tsjerke yn,
dy’t optild fan de sielen
yn it donker mei in ljochte kraach;
Gods tsjinner sprekt mei fjoer en wyn,
nei watfoar kant is noch de fraach,
it tiidsferrin is oan te fielen.

De moanne skilderet inkeld mar by nacht
en soarget dat kontoeren
sprekke fan: nei hegerop de fal;
de skimen hâlde stil de wacht,
hoewol’t men wit fan stal noch tal
en ek gjinien telt hjir de oeren.

Image

* Emanuel de Witte (1616-1692)
stie yn de tradysje fan de
arsjitekturale skilderkeunst,
dy’t foaral yn Delft beoefene
waard.

** Louis Daguerre  (1787-1851)
begûn syn karriêre as dekôrûntwerper.
Hy waard foar dit skilderij ûnderskieden
mei de Légion d’honneur.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum