Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Feanfolk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacobus Sibrandi Mancadan*

Image

Yn ’t lânskip stiet de peal wer keal
nei tsien minuten mei de koer deryn,
it pypskoft is no oer,
it feangea ropt, mar eaget feal,
se steane sa wer yn de klyn,
want turf jout har it deistich foer.

De bulten wachtsje op ferfier
mei kroaden nei de lege skûten ta
en fierder nei it plak
dêr’t fjoer ferwaarmet hûd en spier,
sa wolle rike lju it ha
dy’t wenje ûnder ’t pannedak.

It feanfolk hat de loft as dak
mei dize, reinich waar en kjeld,
de pipe jout it fjoer,
se sjogge út nei har gerak,
mar ’t is de baas dy’t foar har telt
en hiset yn de peal de koer.

* Jacobus Sibrandi Mancadan (1602-1680)
wie in Fryske lânskipsskilder,
dy’t ek ynvestearre yn in turfgraverij.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum