Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kleptomaan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Théodore Gericault*

Image

It hoegde net om him,
mar fuort, hy hie der west,
by dy Etienne-Jean Georget,
de psychiater:
’t lei net oan syn stim,
de eagen wiene ek noch bêst,
it hie te krijen mei de wet.

It woe him earst net oan
en ek net yn him del,
want hied er net in fêste baan?
Dy psychiater
spriek op hege toan
oer paden nei de hel,
befluorre foar de kleptomaan.

Syn hannen wiene goed
genôch foar al it wurk
mei spul dat foar it gripen lei.
Dy psychiater
hie ’t oer ’t minne moed,
mar as gjinien syn aksjes murk,
dan kriich er ek de wet wol mei.

* Théodore Gericault (1791-1824)
skildere yn de praktyk fan psychiater
Etienne-Jean Georget
in searje fan seis portretten fan pasjinten.
Skilderij ‘Portret fan de kleptomaan’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum