fan John Constable*
Hy buorket op in spultsje by de beek,
is op dat plak ek mûnder
en hat twa hynders foar de wein,
op ’t mêd fan dûmny is er leek,
mar leaut as boer yn ’t wûnder.
De hjitte fan de dei brocht twivel mei:
it haailân of de mûne?
De loft hat him de wierheid sein:
de wjukken reitsje yn de draai
fol fjoer en dat is sûnde.
As tûke mûnder gie er oan de slach
en liet gjin wjuk mear draaie,
woe nei it lân noch foar de rein,
as tûke boer op ’t heljen wach,
dan hied er neat te kleien.
Mar as de hynders steane yn it span,
krijt hy in himelsk teken:
it wetter yn mei bist en wein
foar’t alles rekket yn de ban
fan ’t waar, sa leauwe leken.
* John Constable (1776-1837)
wie soan fan in rike mûnder
en skildere faak it idyllyske lânskip
fan syn bernejierren.
Skilderij ‘De heawein’ |