Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Winterwurk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Hoewol’t de himel joech it sein
‘sawat foarby is dizze dei’,
joech noch de reek in heech protest,
de baas gie ’t jachtproses wer nei
fan bodders yn de bannen slein
fan ier oant let, dan noch de test.

De skilder lei it bûten fêst:
de grize reek tsjin ’t himelfjoer,
de dakken kleurleas troch de snie,
de strjitten yn de winterrêst,
mar ’t moast wol rap mei kâlde kloer
en noasdrip sa’t er klomjend stie.

Dochs doe’t er troch de skoarstien seach
it jachtproses en bodders bân,
gjin mooglikheid foar in protest,
gie troch syn lea in kâlde weach,
dy’t waarmte joech oan noas en hân:
hy fierde út syn eigen test.

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Winterstimming by sinsûndergong yn Argenteuil’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum