fan Francisco Goya*
Jim sjogge my frontaal,
Francisco, skilder fan berop,
ik ha de wrâld wol sjoen:
mei ’t linkereach wat iepen wie
en ’t rjochter ’t libben op syn kop,
ik joech it wer yn eigen taal.
Hy stiet dêr ek frontaal,
Pepito Costa y Bonells
mei iepen eagen nei
de wrâld en no al út ‘e rie:
‘Ik slaan de tromme, dy fertelt
fan ’t hynder en ús fjochtferhaal.’
Op knibbels en frontaal
nei al dy lopen foar it skot,
hy hat de oarloch sjoen,
de iene nei de oare die
fan fjoer ta dea, ús Hear ta spot…
Pepito en syn fjochtferhaal.
Francisco Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Pepito Costa y Bonells’
Skilderij ‘Fusillade’
|