fan Thomas Girtin*
fan William Turner**
As pubers wiene sy al maten,
Tom en William mei talint
foar potleadstreek en akwarel,
de ien egaal, de oare fel,
’t ferskil hie amper grutter kind,
mar ha sy oer gefoelens praten?
De kleuren joegen de emoasje,
Tom mei alle tinten grien,
dy streke hy op hichte del
as master fan de akwarel,
fan beamstam oant ferware stien
as hied er fan de dea al noasje.
Somtiden stûken Tom syn siken,
sloech it hert twa slaggen oer
as waard it fan emoasje kjel,
net oerbrocht op in akwarel,
want alles wie fan koarte doer,
de stiennen langer as de liken.
Dit wiene letter Williams wurden:
‘Wie myn maat yn libben bleaun,
dan kaam myn dei op honger del.’
Doe lôge ’t fjoer mei flammen fel
fier boppe Londen, mar syn freon
koe neat mear mei syn útspraak wurde.
* Thomas Girtin (1775-1802),
in master yn it skilderjen fan akwarellen,
stoar doe’t er noch mar 27 jier wie.
** William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘De brân fan it Heger- en Legerhûs
op 16 oktober 1834’
|