Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Takomstdreamen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

’t Wie waarm, de see loek oan
as ’t libben sels mei eb en floed,
as mem koe sy dat fiele,
dreame oer de takomst fan har soan,
sa koe se ’t mei him diele.

Image

Se seach him efkes oan,
nee, seeman siet him net yn ’t bloed,
as mem koe sy dat fiele.

Sa siet se op it strân
te harkjen nei syn brabbellûd
as wiene it gedichten:
’t djipste fielen oer de see, op ’t lân
klom hy nei grutte hichten.

Image

Se seach him efkes oan,
in ezel wie foar him wol goed,
mar Jezus waard ferplichte…

Sa siet se mei har soan
by see mei ivich eb en floed,
as mem koe sy it hearre
hoe’t it rûze op deselde toan
fan berte oant it stjerren.

Image

Se seach him efkes oan,
in harlekyn op ’t hynder, hjoed
en moarn mei fleur tegearre.

* Pablo Picasso (1881-1973)
 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum