fan Albert Edelfelt*
fan Akseli Gallen-Kallela**
As de himel is it Finske gea,
ûneinich oer de kimen hinne,
wolkebergen boppe ’t rea
by ’t stadich sakjen fan de sinne.
Loft en wetter streekje bosken swart
oer kleuren fan de simmerwille,
efkes mar, de nacht is koart,
de dei is yn de jûn ferstille.
Mar ynienen klinkt de rappe hak
fan ’t reade petsje boppe ’t swarte,
grutter wurdt it stilteplak
as ’t libben mei de himel boartet.
* Albert Edelfelt (1854-1905)
hierde as Finske skilder in atelier yn Parys.
Simmerdeis skildere hy yn Finlân.
* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
waard bekend troch syn skilderijen
fan de Kalevala, in samling Finske sêgen.
|