Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Seine oer de dea

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hippolyte Boulenger*

Image

As skilder wie hy faak op jacht
nei proaien yn it wide fjild;
hy joech op de nuânses acht,
mar foar de bút kriich hy gjin jild.

Hy moast it ha fan eigen geast,
it lôgjen fan it hillich fjoer,
Hubertus’ pylken noch it meast,
syn eagen skeaten ’t lânskip oer.

Yn de fierte seach er jagers gean
mei hûnen hoartend oan de riem,
yn ’t foar al fûler as in earn,
op seinejacht op ’t hillich hiem.

Hy brocht noch gjin nuânses oan
by ’t hege wurd fan mis en bea,
dat klonk as troch in jagershoarn:
‘Hear, jou jo seine oer de dea!’

Doe briek it hillich moatten út,
it klonk oer ’t fjild mei knal en flok,
it bistelibben waard gjin bút,
de skilder hie’t dy deis ek drok.

* Hippolyte Boulenger (1837-1874),
fan earmoedich komôf,
skildere nei de natuer lânskippen
yn de geast fan de skoalle fan Barbizon.
Skilderij ‘De Sint-Hubertusmis’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum