Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei de beafeart

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Aertsen*

Image

Sy mei der hjoed wol wêze
mei de eachopslach fan hjir bin ik
en hannen foar in twadde slacht,
sy is net slank, mar ek net dik,
dat manlju hat sy yn de macht.

De taarten lit se kuolje,
no it fleis noch, dat fan driften sprekt,
ek pierewoartels lizze klear,
it bern dat út it koalblêd stekt,
dêr moat se op it lêst oer gear.

Dêr stiet se yn it kreamke
mei har taarten, woartels, koal en fleis
op dizze wûndermoaie dei
as ’t folk west hat op beafeartsreis
en rekket fleurich oan de swaai.

Se sjongt: ‘Betaast myn taarten,
priuw it fleis, want godlik is ’t fan smaak,
de pierewoartels binne gear,
it koalblêdbern is yn de maak
en earje ek ús Leave Hear.’

Image

* Pieter Aertsen (1507-1575)
skildere behalve keuken-
en merkstikken ek alterstikken,
dy’t yn de Byldestoarm (1566)
sawat allegear ferlern gien binne.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum