Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei it each op…

Keunst
PDF Print E-mail
fan Akseli Gallen-Kallela*

Image

Troch har hinne giet it hjoed:
ik ha sawat myn libben hân,
ferware bin ik as de peal
en spjalte is de droege hûd,
mar ‘k wol net dea, dit is myn lân,
begroeid, ‘k bin âld mar noch net keal.

’t Libben wie net sûnder noed,
mei earmoed, krupsje en in brân,
mar ‘k hie as widdo noch myn bern
en ek wat skiep, ik ha wol moed
noch om de kat, dy’t út myn hân
faak yt, sa lit ik efkes sjen.

Sjoch, dêr stiet de jongste sprút,
as wied er my de bek útstapt:
op bleate fuotten bûtendoar,
syn âlde beppes rappe snút
en as er ek de krie noch snapt…
dêr is ’t myn beppesizzer foar.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
bylde as Finske skilder
lânskip en kultuer (it epos Kalevala)
fan syn heitelân út.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum