Se sizze dat ik lang wurd, 
noch grutter as ús heit, 
dan kinsto seeman wurde, 
dat is wat pake seit 
as plakferfangend dreamer 
mei sicht op ’t hurde feit 
fan himelhege skippen, 
dêr’t hjoed de reis om draait 
nei fiere kontininten 
mei noard- of súdpassaat, 
gjin lêst fan konkurrinten, 
behalve in piraat 
dy’t tusken steile klippen 
syn skoener brûzje lit, 
mar do, myn grutte skipper, 
bist dei en nacht paraat 
om yn it want te klimmen 
en hoesto nei him swaaist 
mei swurd of dolk sa’t nimmen 
dy neidwaan kin… wat seist… 
do wolst hjir net wer hinne, 
mar wachtsje, want do meist 
wol nei it wetter rinne 
en ast dy dêr omdraaist, 
sil ik in foto nimme… 
… ja, kom mar, hjir stiesto, 
wat seist… do sjochst net wêre, 
te lyts seist, hoesa no, 
ast goed sjochst, stiesto dêre. 
 
  |