fan Vincent van Gogh*
Se lizze breed oer ’t gea ferspraat,
de klinten yn de rêst en ’t wurk
fan folk, betûft op eigen mêd,
mar weidûkt ûnder ’t grauwe swurk
en fier fersmiten troch de stêd.
Want nei it stedsfolk rint gjin paad,
se folgje ’t spoar nei eigen grûn
foar ’t dollen fan it jirpelgat;
har libben is oan ’t lytse bûn
en ’t grutte hinget ôf fan ’t lot.
En hat it lot ta ’t grutte laat,
dan bûcht de rêch fan ’t frouljusspan
foar ’t dollen fan it jirpeltal;
it swurk, dêr is gjin sizzen fan,
mar ’t folk praat oer it skreppen wol.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
skildere yn syn begjinperioade
it boerefolk fan Drinte
yn donkere kleuren.
|