Se rûn al nei de njoggentich,
in heks en ingel tagelyk
en troch de jierren in ikoan;
hoewol’t se rûn wat wif en bryk,
siet sy noch altyd op deselde troan.
Se makke foar it wijen klear
it Wurd, it wetter en de kwast
foar Jezus Kristus, har ikoan;
se hie Him sjoen foar rút en kast
mei bleate holle sûnder strielekroan.
De wurden spriek se justjes bryk
fan ‘nei ús wurd fan lof en ear
wol seine jaan oan de ikoan’;
en Kristus seach: de lêste kear
miskien, dan sjongt se op in oare toan.
|