|   It hinget noch, mar foar hoe lang?De iene operaasje nei de oare
 lape ’t libben foar ’t seizoen wer op,
 it tsjinne yn it grut gehiel as wang,
 in sêfte dea, wa soe it doare?
 It hong in libbenlang ta tsjinstfan ’t grut gehiel om fêste koers te hâlden,
 mar it easke sels gjin eare op;
 de hichte wie foar ’t skipsfolk inkeld winst,
 ferlies fan sûnens wie foar ’t âlde.
 It hong net lang mear, want ’t seizoenrûn nei de ein, doe hat it sels besletten:
 ’t hold ynienen op ‘e mar net mear;
 syn sêfte dea waard oan it nije bûn:
 de oantins waard yn izer getten.
 
 |