fan Ilja Repin*
Sjedêr myn kleurich ideaal,
de Narod as it sljochte folk,
fan wa’t ik bin de kleare tolk;
al jierren socht ik dizze graal
dy’t fiert ús nei in nije tiid.
It boerefolk yn hurde striid
liedt hjoed gjin slavelibben mear,
it wurk foar hearen naam in kear
nei eigen grûn, foar ’t fielen wiid
en siid, op wjukken nei de kym.
Wat bosk wie, is noch mar in skym,
want inkeld stean de stobben noch,
it âlde leauwe is omdoch,
it nije is it liet op rym
fan Narods gean de paden lâns.
Sjedêr har klearebare kâns
om yn prosesje, weach nei weach,
as ien fan ear en ien fan each,
te foet te gean, de wrâld wol mâns,
lûd sjongend fan de nije tiid.
* Ilja Repin (1844-1930),
de Rembrandt fan Ruslân,
seach yn it skilderjen fan
de Narod de hillige graal
dy’t folk en keunst nei
in bettere takomst
liede soe.
|