fan Peter Paul Rubens*
Hoe giet soks mei twa lytse bern,
dan komt de âldste op besite,
want de âlde mem wol ’t jonkje sjen
dat thúskaam út ‘e Suderkrite.
Fan Egypte nei stêd Nazaret,
omdat Herodus net mear drige,
foar de measten kaam syn dea te let,
dy berntsjes ha de deastek krigen.
Dêr stiet Jehannes libbensecht,
de grutste, mar noch net bysûnder,
ûnbewust fan watfoar hege flecht,
syn mem wit wol fan wei en wûnder.
De lytse Jezus komt oerein,
wit fan gjin flecht of Suderkrite,
hat op neefkes wankje ’t hantsje lein,
syn mem tinkt al oan oare riten.
Dêr stiet Jehannes libbensgrut,
syn hannen binne om te dopen,
út ‘e mûle klinkt it wizend wurd:
sjedêr hiel Israel syn hope.
En Jezus komt út ‘e Jordaan,
syn hege flecht sil hjoed begjinne,
mar de do wol him noch wjukken jaan
om ’t minskdom foar it heil te winnen.
Jan van Scorel
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
wie in Flaamske skilder
dy’t syn ynspiraasje opdie yn Italië.
Hy wie fernijend en tige produktyf. |