Jeroen Bosch – De helske bousels
rjochterpaniel fan it trijelûk
De heawein
Adema, de soan fan Adam,
Petrus, foarme troch de Hear,
in skepping dy’t er heech wurdearre,
alles paste yn de rjochte lear,
syn ropping ek as deputearre.
Meitsje rjocht de kromme paden,
wie it boadskip fan de Hear,
soks moast men net te leech wurdearje
as syn deputearre fan ferkear,
sa koed er Dokkums dyk fundearje.
Romje op wat is net suver,
hâld gjin sûndich ôffal oer,
oars sil it minskdom grif krepearje;
Gods profeet seach al it hellefjoer,
’t model om ’t wurk op te basearjen.
’t Sljochte folk fûn it wat nuver
fan it fisioen fan syn profeet
dat neat oan ’t Dútske fjoer mankearre,
mar de dream gie op yn reek, by need
liet hy noch oare roppers hearre.
Adema, de soan fan Adam,
joech yn opdracht fan de Hear
it skjinne wurd dat neat mislearre
yn de omrin, mar der kaam in kear,
want falsk hie Petrus profetearre. |