Gjin keppel noch,
se fleane alle kanten op
as fretters fan it bêste;
wa’t gjin ego hat of hurde kop,
wurdt yn de mienskip lêste.
Gjin aksje noch,
hy stiet yn twivel mei syn stok,
betinkt wat is it bêste
yn it libben: frijheid of it hok,
de koers is grif gjin fêste.
Ien wurd, genôch
foar ’t keppeljeien yn it rûn
om ’t egofront te kearen;
lit de koers oer oan de hoedershûn
om ’t folk de les te learen.
In keppel? Sjoch
twa reeën en in swarte krie;
wat hat dy oars te krassen
as oan ’t bistefolk de bêste rie:
de frijheid en gjin klasse.
|