De Grienedykberm wie fersketten
fan de lange sinnebrân,
de maitiidsfleur hold sa gjin stân,
it jier ferlei syn swetten.
It lizzen hie de hin fergetten,
socht de berm ôf nei in plak
dêr’t swartsjes krigen har gerak,
mar har seizoen wie sletten.
De greiden wiene grien fan wille
fan de buien oer it lân
en doe de tiid fan sinnebrân:
’t seizoen koe ’t libben tille.
It wie gjin tiid mear om te drillen,
want de dochters wiene grut,
al swart en kreas fan kop oant sturt,
dat mem hie simmerwille.
|