Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oranje sein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik moast nei Earnewâld foar dat ferhaal
fan trettjintûzen jier ferlyn
oer fûle rein en hurde wyn
op hiel de ierde yn de Fryske taal.

Gjin ynspiraasje noch fan ’t Fryske gea
rûnom de brêge oer ’t kanaal
dat stillei op te lytse skaal,
gjin weach joech op dy sneintemoarn al skea.

Image

Doe loek it gea my yn it paradys
fan Earnewâld, de wrâld dy’t stiet
foar fariaasje, ûnder wiet
en boppe ’t swurk mei wolken yn de hys.

Mar ’t paradys wie net it krekte plak
om stoarmjend ynspiraasje op te dwaan,
it driuwend swurk koe dy net jaan,
mar fûle twirren sparren nok noch dak.

Ynienen seach ik Noach op ‘e stoel
mei syn oranje mantel as it sein
dat daliks kaam de stoarm mei rein…
’t wie klear, ik ried mei hûndert nei myn doel.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum