Ferdinand Bol*
Gerard ter Borch**
Dêr stiet er dan yn Poalske klean
en tusken ark fan it geweld:
de lopen foar de kûgelrein,
de pylken op ‘e bôge lein,
in stielen skyld krekt yn de baan,
in tromme op deryn te slaan,
de fjildhear as de grutte held,
noch efkes foar ’t posearjen stean.
Sy stiet yn lange, ljochte jurk,
it nekje yn de brede kraach,
it snútsje spits as fan in mûs,
de skouders pronkje mei in strûs,
de linkerhân taast om hâldfêst,
de rjochterearm ferdraacht de lêst,
it froutsje fan it goede laach
posearret foar it skilderswurk.
De dialooch is koart en klien:
‘Dy reade blom, stek dy mar op,
ik sjit him samar fan dyn kop!’
‘Dat soest wol wolle, bleke boer,
de anjer stek ik yn de koer.’
Se binne elk in kant út gien.
* Ferdinand Bol (1616-1680)
waard yn Dordrecht berne
en krige syn oplieding
by Rembrandt yn Amsterdam.
** Gerard ter Borch (1617-1681)
hat fiif jier yn it bûtenlân west:
Ingelân, Italië en Spanje.
Hy skildere foaral portretten.
|