Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fergees

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al jierren hat er net mear draaid
en stiet ferstive as ferskrikker,
mar fergees,
de iene nei de oare saait
op ’t blêd mei rust, it jout gjin flikker.

De ielgoes heger as de krie,
hoewol’t se beide donker binne
yn de race
fan oer myn lyk, myn heechste die
is delsjen op wa’t ûnder rinne.

Image

‘Ik bin hjir yn myn elemint,’
sa wol de ielgoes ha, ‘in libben
net fergees.’
‘Wy steane op in monumint,’
sa seit de krie, ‘mei deade ribben.’

Mar beide sjogge del
op ’t bist mei hier op ’t fel.

Al oeren hat er rûntsjes draaid
om nammen op wol hûndert stiennen,
mar fergees,
hy wit net wêr’t syn froutsje leit,
ek net wat monuminten binne.

Image

< Foarige

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum