oktober 26, 2016
fan Gustave Doré*
It wie in bjusterbaarlik barren
yn de loft, in flitsend fisioen:
soldaten, ruters, swurden, spearen
fan moarns ier oant yn de lette jûn,
it folk waard neat besparre.
Wie dit in teken fan beskerming
of krekt oarsom, dus gjin ûntferming?
It wie in tiid fan strideraasje
tusken timpelprysters, leech en heech,
gjinien koe de reboelje keare
dy’t yn Sion útbriek, steech en dreech,
’t rûn út op argewaasje.
Wa hie it doe noch oer beskerming,
wie moard itselde as ûntferming?
Foarst Antiochus kaam fanwege
mei syn leger, net as fisioen,
mar mei soldaten, swurden, spearen,
moardzjend fan moarns ier oant yn de jûn,
de timpel waard ek lege.
It wie gjin teken fan beskerming,
de himel spriek fan gjin ûntferming.
* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De bewenners fan Jeruzalem
sjogge himelske legers’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024