Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stomme start

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

De skûtsjes binne langer wurden
om mear faasje oan it skip te jaan,
it giet op ’t lêst om earst te wurden,
yn it klassemint in gat te slaan
en sa de konkurrint te pakken.

Image

De start kin noch gjin sprekken lije,
mar de swetser hat syn oardiel klear:
mei ’t Lemster skip sil it neat wurde,
fierste koart, dus oan Langwar de ear
om knipend ’t earste plak te krijen.

In twirre kriich Langwar te pakken,
lei it skûtsje samar op ien ear,
wat jouwe dan noch roer en swurden…
de bemanning wit it ek net mear,
’t moreel is nei de boaiem sakke.

Image

De striid giet troch mei tolve skippen,
want de liuw is ek al fan de mar,
mar sjoch, De Lemmer hat it makke:
koart en rap, it brein is yn de war,
de swetser ek mei rappe lippen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum