Hoe wurdt de slang ôfrôle 
as in reade trie troch minsketiid? 
It grien is koart en lang it read, 
it kronkelpaad rint nei de pôle, 
fiert net nei de foarrangswei 
en as men yn it libben keart, 
dan stiet in streek 
troch de beboude kom. 
Nei boppen giet de stâle, 
bloei jout foar de takomst rynsk it sied: 
de reade frucht, kom dêr ris om, 
want troch de tiid draait noch de rôle. 
  
De eachopslach nei boppen 
glydt by ’t reade lâns en jout it sicht 
op himelheech it blauwe swurk, 
in libben op ‘e wolketoppen, 
want dêr is de ein fan wei, 
mar sjoch, de slang rint troch, it wurk 
ropt nei de bou 
en de beboude kom.  |