Ut it skûtsje-argyf 2002
Gjin teken is yn ’t seil te sjen
as teken fan wa wurdt de kampioen,
it leit noch iepen, suver alles kin,
de striid is oan de spanning bûn.
It wite túch kinst amper sjen,
in teken dat de liuw net earste wurdt,
mar ’t leit noch altyd iepen… wat net kin…
dus skoaten oan en del dat swurd!
De Jouwer, foar, sjocht achterom,
in teken dat it duo* ’t noch net wit
wa’t jûn mei rjocht bekrânse wurdt mei rom,
de hollen binne wiet fan ’t swit.
De krânse lit de útslach sjen,
gjin teken fan wat letter komme sil,
de beide winners ha de striid ferlern,
mei rjocht wurdt bitter harren pil.
* Baint Kramer (stjoerman)
en Peter Syperda (skipper) |