| Ut it skûtsje-argyf 2001 
 As de weagen rôlje troch de waring,de skoaten rinne út ‘e klau,
 dan wurdt gjin keardel sparre,
 mar wêr is Grou?
 As de gyk it skomjend wetter rekket,it stekt mei ’t roer ferrekte nau,
 dan bliuwe keardels wekker,
 mar wêr is Grou?
 
 Nee, net dat wy no sliepe,wy nimme hjoed gjin risiko
 mei op it skip in slingermêst,
 ús kampioenskip stiet al fêst
 en fierder leit noch alles iepen…
 watsei… De Jouwer hat noch kâns?
 Jawis, dat is in risiko,
 mar nee, hy leit no op it sechde plak
 en mei in twirre út balâns,
 wy steane hjir op ús gemak
 op ’t dek fan Seolto.
 
 |